tiisdei 6 july 2010 — 10:08
Krekt trije super-jierdeikadoos krigen: nije wurden foar myn kolleksje!
ynkommodearje/ynkommandearje: nadelig beïnvloeden, hinderen
slûkje: smokkelen, stiekem slachten
skytbûtse: harde stukken koeienpoep uitelkaar slaan
En boppedat noch in bosk prachtige tieneblommen!
F. en B. dankjewol!
ien reaksje » | ferskaat, nij (wurden dy't ik krekt leard haw)
tiisdei 6 july 2010 — 09:57
ús hin wie even út ‘e stjelp. dêr sit sy mei har trije piken al in skofke yn, om ‘t wy (spitich genôch) heech yn ‘e beammen ek in eksternêst hawwe. twa fan ús pykjes hiene sy al rôfd, mar de trije oerbleaune pykjes binne no sa grut dat wy it oandoarden om se even los te litten. en doe learde ik in nij frysk wurd: moudzje.
yn it frysk skynber hiel gewoan mar foar my net. soe dêr in nederlânsk wurd foar wêze? ik soe it net witte. een stofbad nemen misskien?
reaksje » | nij (wurden dy't ik krekt leard haw)
freed 12 maart 2010 — 21:53
Ofrûne moannen hawwe Sybrand en ik hieltyd wurke oan’e webside fan dutsen.nl, een Fryske fersekeringsside. Mei in protte wille (en muoisumens!) hawwe wy dêr net allinnich it fersekeringsdiel makke, mar ek Fryske taalspultsjes, Fryske e-cards, Fryske resepten, in Fryske aginda, Fryske links, in Fryske siswizen tegelsetter ensfh. fierder lêze »
ien reaksje » | ferskaat, nij (wurden dy't ik krekt leard haw)
freed 12 maart 2010 — 09:46
Wêrom hie ik noait harke nei de analoge programma’s fan Buro de Vries? Wat in geweldich idee: radio meitsje sûnder kompjûters. En no hawwe sy in priis wûn foar de leukste & bêste radio fan it ôfrûne jier.
Kommende snein giet in stikje fan Buro de Vries oer it sammeljen fan Fryske wurden. Dat is juster opnommen. Ik bin benijd…
En ik haw juster yn alle gefal wer leard dasto sammelje sizze kinst foar “sparen”. Tip for net-friezen: fersammelje – yn myn earen o sa geef Frysk – is hielendal ferkeard asto sizze wolst dasto wat “verzamelt”. It moat wêze: garje, sparje. Of sammelje dus!
reaksje » | ferskil, nij (wurden dy't ik krekt leard haw)
tiisdei 9 maart 2010 — 22:01
Moandei wiene wy fan gebr. van den beukel yn Ljouwert op it provînsjehûs by de offisjele iepening fan de webside dutsen.nl troch deputearre De Vries. Tige nijsgjirrich. Ik moat tajaan dat ik ien sekonde tocht “al wat in suterich plak” doe’t wy it parkearterrein oprieden, mar al gau seach ik dat hjir alles folslein yn oarder wie: fierder lêze »
ien reaksje » | wurdbaarch (wurden dy't ik garre haw)